Rein fertraget wurk N31

Op- en ôfriitten N31 by Harns letter klear as pland
Troch it minne waar rint it wurk oan 'e N31 by Harns wat achterop. It asfaltearjen fan 'e op- en ôfrit fan 'e Keningsbrêge is letter klear as tocht wie. Se hiene tongersdei om 6 oere wer frijjûn wurde sillen, mar dat wurdt pas freedtemiddei 12 oere. De opritten binne dan allinne foar it lokale ferkear berikber. Ferkear fan en nei de Ofslútdyk moat oer Boalsert. Op 12 oktober moat de N31 wer berydber wêze foar elkenien.