Sloop húskes St Anne is misser

© Omrop Fryslân
De gemeente It Bilt hat himsels raar by de poat mei de sloop fan 14 âlde wenninkjes yn Sint Anne. Dy stiene op it plak dêr 't no it heal ôfboude ferpleechhûs stiet, dat troch prosedurefouten nei alle gedachten sloopt wurde moat.
De húskes binne platgoaid omdat der in soad fernield wurdt. As dat net bard wie, hie it folle makliker west in fergunning te jaan foar de nijbou, die bliken by de Rie fan Steat.