Horeka net rouwich om kamera's

B&W wolle de kamera's wer ôfskaffe
De hoareka yn Ljouwert hat net al te folle beswieren tsjin it ferdwinen fan de kamera's yn de binnenstêd. Dat is de ynskatting fan Koninklijke Horeca Nederlân. B&W fan Ljouwert wol 40.000 euro yn it jier besparje, troch de kamera's fuort te heljen.
De hoareka hat nea folle sjoen yn dy kamera's. De measten tinke dat tafersjoch troch de plysje mear effekt hat. De plysje wol noch net reagearje op it ferdwinen fan de kamera's.