Spoarbrêge Akkrum wer makke
It treinferkear tusken Ljouwert en Akkrum hat der moandei sa'n twa oeren útlein. Oan it ein fan de middei rekke de spoarbrêge by Akkrum stikken.
De brêge woe net mear goed slúte. Treinreigers waarden mei bussen ferfierd. Oan it begjin fan de jûn wie it mankemint ferholpen.