Gemeentehûs Fean ferboud

It gemeentekantoar fan Hearrenfean
Begjin oktober set de gemeente Hearrenfean út ein mei de ferbouwing fan it gemeentehûs. Dêrtroch ferhuzet de ôfdieling boargersaken tydlik nei it âlde arbeidsburo oan de Troelstraleane.
De ferbouwing is nedich om foldwaan te kinnen oan de easken foar de brânfeiligens. Ek komt der ien baly foar alle fragen oer boargersaken en komt der in ferromming fan de iepeningstiden.