Ferlies foar ONS Snits
Sneonshaadklasser ONS Snits moast sneon op eigen fjild punten ynleverje tsjin Excelsior '31. ONS ferlear kânsleas mei 3-0. De hiele wedstriid wie de ploech út Rijssen better as de Snitsers.
Mei it skoft wie it 1-0 foar Excelsior '31. Yn 'e twadde helte skoarde de koprinner fan de haadklasse C noch twa kear en kaam de einstân fan 3-0 op it skoareboerd.