Cambuur lit punten lizze

© Omrop Fryslân
Sportklub Cambuur hat freedtejûn mei 1-1 lykspile tsjin Eindhoven. De Meersman skeat Eindhoven op foarsprong, mar Adnan Barakat soarge mei in moaie frije traap foar de 1-1.
Nei it skoft waard de wedstriid ûntsierd troch in tal insidinten. Skiedsrjochter Sanders lei de wedstriid stil om't der guod op it fjild goait waard. Fierder krigen Ketting en Van der Weij (Cambuur) en Leon Ramos (Eindhoven) in reade kaart.