Blautonge yn Skarsterlân

© Omrop Fryslân
Der is blautonge fêststeld by bedriuwen yn 'e doarpen Skarsterbrêge en Tsjerkgaast. Dat befestiget de gemeente Skarsterlân. By de bedriuwen is blautonge konstatearre by skiep. Op dit stuit kin net ien de bedriuwen yn en út.
It blautongfirus sirkulearret sûnt ein july yn Nederlân en liket him hurder te fersprieden as ferline jier.