Fúzjeplannen yn NE-Fryslân

Johannes Samplonius (FNP Kollumerlân) wie it lek
De kolleezjes fan B&W fan de fjouwer gemeenten yn noardeast-Fryslân stribje nei in fúzje wêrnei noch twa gemeenten oerbliuwe. Dat skriuwe se yn in parseberjocht, neidat earder in fertroulike meidieling fan boargemaster Bilker fan Kollumerlân hjiroer útlekte.
Bilker sei tsjin de ried dat syn gemeente fusearre moast mei Achtkarspelen en dat Dantumadiel en Dongeradiel tegearre fierder moatte.