Ljouwert: april beslút KH2018

© Omrop Fryslân
De gemeenterie fan Ljouwert wol net noch langer wachtsje mei it nimmen fan in beslút oer Ljouwert as kulturele haadstêd. Dat waard tiisdeitejûn dúdlik by in gemeentlike kommisje. Dêr waard foarsteld it beslút noch in pear moanne út te stellen, mar de partijen hâlde fêst oan it earder foarstelde april.
De organisaasje achter de kulturele haadstêd wol it útstel wol graach, om sa mear tiid te hawwen om partijen te oertsjûgjen om foar de kulturele haadstêd te stimmen. Op dit stuit binne de measte partijen tsjin.