Cambuur kânsleas tsjin Den Bosch

© Omrop Fryslân
Cambuur hat it goeie spul fan foarige wike doe't de ploech fan De Graafschap wûn, net trochsette kind. De Ljouwerters ferlearen freed kânsleas mei 5-1 yn en fan Den Bosch. De ploech fan âld-Cambuurtrainer Gert Kruys stiet twadde yn de earste divyzje en it ferskil mei Cambuur wie goed te sjen.
By de rêst stie it 2-0. It hie doe ek al 3-0 wêze kind, mar keeper Ale Geert de Vries hold noch in penalty tsjin. Van Dijk makke de iennige Cambuurgoal.