Koart fuotbalnijs

© Omrop Fryslân
De wedstriid Utrecht - Hearrenfean is snein einige yn 2-1. Richard Knopper makke it iennichste doelpunt foar Hearrenfean. De Fryske ploech krige yn dizze wedstriid fierder net folle kânsen.
Sneinshaadklasser De Jouwer hat snein mei 3-2 wûn fan Achilles út Groesbeek. Yn de twadde helte moasten de Jousters ek noch mei tsien man spylje, om't Klaas de Jong it fjild útstjoerd waard mei in reade kaart.