'Bedriuwen net nei bûtenlân'

© Omrop Fryslân
De provinsjale en lanlike polityk soene tsjinhâlde moatte dat grutte bedriuwen har produksje ferpleatse fan Nederlân nei de lannen mei lege leanen. Dat fynt de ûndernimmingsried (UR) fan Philips yn Drachten.
Koartlyn makke de direksje fan Philips yn Drachten noch bekend dat yn de takomst minimaal 180 banen nei Sina ferdwine. De UR fan Philips wol dat de ûndernimming sjen moat nei in bettere en goedkeapere ynterne bedriuwsfiering.