Dant'diel skrast skoalswimmen

© Omrop Fryslân
It skoalswimmen yn de gemeente Dantumadiel moat ôfskaft wurde. Dat stelt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders foar. Nei de ferkeap fan swimbad De Frosk yn De Westereen oan de Conegroup hat de gemeente Dantumadiel gjin jild mear foar it skoalswimmen. Dat kostet goed in ton yn it jier.
Neffens it kolleezje hat 85 persint fan de bern yn Dantumadiel al swimles bûten skoalle om. Bern dy't yn groep seis noch gjin swimdiploma hawwe, kinne op kosten fan de gemeente dochs noch swimles krije.
De gemeenteried bûcht him ein dizze moanne oer it foarstel fan b. en w.