FVC útskeakele by Midwinterkup

© Omrop Fryslân
FVC, de fuotbalklub út Ljouwert, is útskeakele op de twadde dei fan de Midwinterkup. De winners fan ferline jier ferlearen fan de spilers fan Extador by it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal.
De poulewinners fan tongersdei wienen Friesland, Extador, ZVF, Frjentsjer, Hearrenfean, CSL en De Westerein. Freed en sneon wurdt der noch fuotballe yn it FEC yn Ljouwert. De nije kampioen is pas sneontejûn bekend.