Koart pleit tsjin asylsikers

© Omrop Fryslân
It Centraal orgaan opvang asielzoekers (COA) spant in koart pleit oan tsjin 58 asylsikers op It Amelân. It COA wol dat de rjochter in termyn fêststelt wêrbinnen de asylsikers út de opfang wei wêze moatte. Nei ferwachting docht de rjochter oare wike útspraak.
Twa Haachske advokaten ha dit wykein de asylsikers help oanbean. Sy ha snein mei alle gesinnen praat. De asylsikers wolle sels op it Amelân bliuwe sadat de bern it skoaljier ôfmeitsje kinne.