Eks-ferslaafde dokter wol wurkje

© Omrop Fryslân
In dokter út Easterwierrum hat it Medysk Tichtkolleezje frege oft er syn fak wer útoefenje mei. De húsarts is skorst fanwege ferslaving oan kokaïne.
De arts seit dat er dêr no oerhinne is, en dat er meiwurkje wol oan in test om dat te bewizen. De man is al twa jier net mear aktyf as dokter. Hy sjocht in opfriskursus fan in jier as in betingst om wer oan de slach te gean. It Medysk Tichtkolleezje docht twa moanne in útspraak oer dizze saak.