GGD wiist gemeenten op plicht

© Omrop Fryslân
De GGD Fryslân is bang dat sosjaal swakkeren de dupe wurde fan besunigings fan de gemeenten. Dit jier ha de gemeenten de ferantwurdlikheid om sels in sûnensbelied te meitsjen. It docht bliken dat der te min amtners binne om sa'n belied te ûntwikkeljen.
De GGD Fryslân wol dat de gemeenten har ekstra ynsette sille om it sûnensbelied ta stân te bringen. Benammen om de sosjaal swakke groep moat neffens de tsjinst goed tocht wurde.