Bonke nije direkteur drafsintrum

© Omrop Fryslân
Gerrit Bonke út Wassenaar wurdt de nije direkteur fan Draf- en Renbanen, dêr't it drafsintrum Wolvegea ûnder falt. De Keninklike Nedrlânske Hurddraverij en Renferiening hat dat tiisdei bekend makke.
De 53-jierrige Bonke hat de ôfrûne twa- en-in-heal jier wurke as manager yn ferskate organisaasjes en bedriuwen. Earder wurke er by automatisearder CMG. Hy wol fral de kommersjele aktiviteiten yn Wolvegea fierder ûntwikkelje.