Opkeapjen BSE-fee fan 'e baan

© Omrop Fryslân
Lânbouminister Veerman jout fan 1 maart ôf gjin jild mear foar it ôfmeitsjen fan sûn fee op in BSE-pleats. De oerheid betellet dan inkeld foar saneamde risikokij. As BSE fêststeld is, hoecht net al it fee ôfmakke te wurden. Dat bart faak wol, út eangst foar ôfsetproblemen. De oerheid keapet dan alle bisten op.
Veerman wol no fan dy regeling ôf. Hy hat eksportlannen derfan oertsjûge dat sok fleis goed te iten is, seit er.