Moarre en Ljussens te keap

© Omrop Fryslân
De doarpen Moarre en Ljussens yn Dongeradiel stiene âldjiersnacht folslein te keap. Alle wenten wiene troch de âldjiersploech fersierd mei hûnderten te keapboerden. De âldjiersploech woe sa omtinken freegje foar de finansjele problemen dy't in soad minsken hawwe troch de ynfiering fan 'e euro.
De measte ynwenners fan Moarre en Ljussens fûnen it neat net slim dat harren hûs 'te keap' set wie.