Wenhûs Garyp brânt ôf

© Omrop Fryslân
Yn Garyp gie âldjiersnacht in leechsteand wenhûs folslein troch brân ferlern. It hûs en ek de boukeet foar it hûs wiene yn 'e brân stutsen. Troch de brân ûntstie koartsluting en hiene 25 húshâldings oerenlang gjin stroom.
Wa't ferantwurdlik binne foar de brân is noch net bekend. De plysje stelt in ûndersyk yn. De stroomsteuring wie op nijjiersdei om ien oere middeis ferholpen.