Warskôging: gif stellen

© Omrop Fryslân
De plysje warskôget foar tige giftich guod. Ut in oplizzer fan in frachtwein oan de Keizersmantel yn Snits is sneon in giftich ûntsmettingsmiddel stellen. It wurdt brûkt yn de hinne-yndustry om salmonella te bestriden. It guod sjocht der út as rôze-achtich limonadesiroop en it sit yn frisdrankflessen sûnder etiket.
By konsumpsje kin it gif foar swiere ferwûnings soargje. De plysje advisearret it guod net yn te nimmen.