Nijpels wol mear ynsjoch yn bou

© Omrop Fryslân
De provinsje wol better ynsjoch krije yn de offertes fan bou-ûndernimmers. Dat sei Kommissaris Nijpels freed op in sympoasium op It Hearrenfean oer de kwaliteit yn de bou. It sympoasium waard organisearre troch KOB-bouopliedingen dy't 50 jier bestiet
De parlemintêre enkête oer de bou hat soarge foar in soad wantrouwen tusken oerheid en bou-ûndernimmers. Om sokke misstannen foar te kommen moatte der goeie regels komme, neffens Nijpels.