De Lege Geaën - Die Haghe: 22-26

© Omrop Fryslân
Sealkuorbalhaadklasser De Lege Geaën út Sibrandabuorren gie sneontejûn yn Snits ûnderút tsjin regearend lânskampioen Die Haghe. De Fryske haadklasser kaam dúdlik te koart; by it skoft stie is al 8-14. De einstân waard 22-26.
De Lege Geaën hat it net maklik yn 'e haadklasse fan it sealkuorbal. De ploech pakte ferline wike de earste punten by TOP Sassenheim. Mei 2 punten út fjouwer wedstriden steane De Lege Geaën no hast ûnderoan.