Subsydzje foar Schrieversronte

© Omrop Fryslân
De Stellingwerver Schrieversronte krijt 313.000 euro subsydzje foar fjouwer jier. It jild komt fan de provinsje en de gemeenten East- en Weststellingwerf. It sil brûkt wurde foar it Taalkundich Undersyk Stellingwerfs en foar it wurdboek Nederlânsk-Stellingwerfsk.
It Frysk literêr tydskrift Kistwurk krijt nei alle gedachten jierliks 11.000 euro fan de provinsje oant en mei 2005. Mei mar 130 abonnees betsjut dat 85 euro subsydzje de lêzer.