Europeeske stipe foar it Welsh

© Omrop Fryslân
In taalprojekt yn Noardwest-Wales hat mear as in heal miljoen euro krigen fan de Europeeske Uny. It projekt moat der foar soargje dat winkels en bedriuwen mear gebrûk meitsje fan it Welsh.
It projekt wol sa bydrage oan de ekonomyske ûntjouwing fan de regio. In mearderheid fan de Welsh-praters giet nammentlik leaver nei bedriuwen ta dy't it Welsh brûke.