Gjin Bear Boeloe by Sinteklaas

© Omrop Fryslân
Wol Sinteklaas, gjin Bear Boeloe. Yn Thialf wurdt sneon in Sinteklazefeest hâlden. Nettjinsteande de oankundiging op posters komt Bear Boeloe, bekend fan Omrop Fryslân televyzje, net. De organisator wie net ree om in fergoeding te jaan.
In grut part fan de kaarten foar it feest 'Sinterklaas pakt uit' is al ferkocht. Op It Hearrenfean fersoargje K-otic en de Boswachters wol optredens.