Militêre oefening 'Dragon Quest'

© Omrop Fryslân
Twahûndert soldaten dogge op it stuit mei oan in militêre oefening yn it easten fan Fryslân, ûnder de namme 'Dragon Quest'. Dêrmei meitsje de soldaten har klear foar útstjoering nei Afghanistan yn febrewaris.
Se leare hoe't se taken útfiere moatte op ûnbekend terrein. Woansdei tsjinne Gerkeskleaster as dekôr. Neffens de Lânmacht hoecht net ien benaud te wêzen foar skea of oerlêst. Der wurdt net sketten en der is gjin reek of gas.