Fryslân-Uruguay op WK Keatsen

© Omrop Fryslân
Fryslân komt woansdei foar it earst yn aksje op it WK Keatsen yn Argentinië. De Fryske keatsers moatte it dan op it ûnderdiel muorrekeatsen opnimme tsjin Uruguay. Bûnscoach Johannes Brandsma wyt net hoe sterk Uruguay is.
Letter op de dei mei Fryslân keatse tsjin Equador yn it saneamde Europeeske spul. Ek fan dizze tsjinstanner is by de KNKB neat bekend. Tongersdei spilet Fryslân jeu de pelote tsjin Itaalje. Yn dit spul is Fryslân Europeesk Kampioen.