Akademy wol masteroplieding

© Omrop Fryslân
De Fryske Akademy wol ûndersykje oft it ek mooglik is om yn gearwurking mei de trije hegeskoallen yn Ljouwert te kommen ta universitêre masteropliedings yn Ljouwert. Foarsitter Walsma sei dat sneon op 'e jiergearkomste fan 'e Akademy yn Ljouwert.
De gearwurking soe der fierder foar soargje moatte dat der mear ûndersyk dien wurdt by de hegeskoallen. De Akademy wol sa it universitêre ûnderwiis yn Fryslân útbouwe.