Eindhovenaar makket beswier

© Omrop Fryslân
By it ûntslach fan boargemaster Van Maaren binne wetlike regels tapast. Neffens de âld-boargemaster fan Ljouwert hat it gjin doel om beswier te meitsjen tsjin it bedrach fan twa miljoen gûne dat se krigen hat.
Van Maaren reagearret dermei op in ynwenner út Eindhoven. Dy seit dat er foar de kosten opdraait as belestingbeteller. Wethâlder Krol tinkt ek dat er gjin kâns makket om't er gjin direkt belanghawwende is.