Mear foarstellings King Lear

© Omrop Fryslân
Tryater komt mei ekstra foarstellings fan it spektakelstik Kening Lear. Mei Kening Lear fan Shakespeare nimt artistyk lieder Jos Thie oankommende maaitiid ôfskie fan it toanielselskip. It wurdt opfierd yn it hynstesintrum yn Drachten.
Rients Gratama spilet de haadrol yn it stik, dêr't ek hynders in wichtich oandiel yn hawwe. De fraach nei kaarten is sa grut dat meiwurkers it tal oanfragen amper ferwurkje kinne.