Smellingerlân stipet skoallen

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân wol takom jier 1,6 miljoen euro ynvestearje yn doarpsskoallen. Dat stelle B en W út oan de riedskommisje. It jild wurdt brûkt foar nijbou, útwreiding en ferbettering fan de skoallen yn de doarpen yn de gemeente. It jild kin komme út in potsje dat reservearre is foar skoallen yn Drachten. De riedskommisje praat takom wike oer it foarstel fan Boargemaster en Wethâlders.