Opskuor oer kandidatelist PvdA

© Omrop Fryslân
By de PvdA is ûnrêst ûntstien oer de list foar de steateferkiezings. Fan de fjirtjin sittende steateleden meie fan de karkommisje mar trije wer op de list. En dat wylst guonts der wol graach op wolle.
Reden foar de ôfwizing is bygelyks, dat minsken te âld binne, net genôch nei bûten komme en net fernijend binne. Op 30 novimber wurdt dúdlik wa't op de list komt. Kandidaten koene harren oant sneon opjaan.