Folleybal: ferlies foar Snits

© Omrop Fryslân
De folleybalfroulju fan Essent Snits hawwe sneon mei 2-3 ferlern fan Martinus út Amstelveen. It wie in wiere thriller. Foaral de tredde set, dy't einige yn 30-28 foar Snits, wie spektakulêr.
Yn de beslissende fyfde set kaam Snits sels op matchpoint, mar de froulju út Amstelveen wûnen dochs mei 18-16. Nije wike spilet Snits de derby tsjin Donitas yn Grins.