Massale fjochterij yn Snits

© Omrop Fryslân
Ferskate manlju wiene tongersdeitenacht yn Snits belutsen by in fjochtpartij yn in kafee. In Ljouwerter (25) en in Snitser (33) binne oanhâlden. Ek ien fan de slachtoffers, in jonge (18) út Ljouwert, is oanhâlden. Hy krige in klap en soe weromslaan, mar houde doe in plysjefrou.
De 18-jierrige Ljouwerter en in man (21) út Snits hawwe oanjefte dien fan mishanneling. De fertochten sitte noch fêst op de 33-jierrige Snitser nei.