Wâldrock hâldt tabakssponsor

© Omrop Fryslân
It Burgumer metalfestival Wâldrock kin syn tabakssponsor behâlde troch in tûke set fan 'e tabaksprodusint sels. Sigarette- en shagmerken meie fan 7 novimber ôf gjin reklame mear meitsje of eveneminten sponsorje.
Samson sponsort Wâldrock al jierren foar goed 8 miljoen euro. Dit kontrakt kin fuortset wurde tanksij in trúk fan 'e shagmakker. De nije haadsponsor fan Wâldrock is Samsonic, in tiidskrift oer rockmuzyk en smoken.