Stjoergroep moat ympasse brekke

© Omrop Fryslân
Mei it ministearje fan VROM wurdt socht nei in oplossing foar de ympasse yn it Drachtsterfeartprojekt. De Steatsrie hat lêsten de muljeufergunning foar it bouprojekt mei 800 nije wenningen yn Drachten ferneatige.
De provinsje Fryslân en de gemeente Smellingerlân ha mei it ministearje in stjoergroep opset om in oplossing te finen foar de sitewaasje dy't troch de útspraak ûntstien is. Doel is om it hiele projekt út te fieren.