Jong Heracles - Hearrenfean: 1-3

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandei yn Almelo mei 1-3 de bekerwedstriid wûn fan Jong Heracles. Jong Hearrenfean stie mei rêst al mei 0-1 foar troch in goal fan Antonio Correia.
Yn 'e twadde helte makken Richard van der Wey en Bennie Vissers der 0-3 fan. Yn 'e 85ste minút rêdde Marc Höcher de eare foar Heracles: 1-3. Jong Heracles wurdt traind troch âld-Hearrenfean spiler Pieter Bijl, dy't syn eigen team 'aanvallend onmachtig' neamde.