Perioadetitel Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Yn de haadklasse C sneonsfuotbal ha de Harkemase Boys de perioadetitel pakt. De ploech wûn mei 3-1 fan Genemuiden. Troch it winnen fan de earste perioade meie de Harkemase Boys takom seizoen meidwaan oan de Amstel Cup.
Yn deselde klasse wûnen de Drachtster Boys út mei 0-1 fan Flevo Boys. De Drachtsters ha no wer oansluting by de middenmoat.