Hotelskoalle knapt keamers op

© Omrop Fryslân
De 28 keamers fan de hotelskoalle krije mooglik in tematyske ynrjochting. As proef is no ien keamer feroare yn in Japanse hotelkeamer, mei drakemotiven en in strak swart ynterieur.
De hotelskoalle wol mei de renovaasje it gebou, dat fyftjin jier âld is, modern meitsje. Tagelyk kinne se ynspylje op de ynternasjonalisearring fan de oplieding.