Gobelins wurde restaurearre

© Omrop Fryslân
Ut de boargemasterskeamer fan it stedhûs yn Ljouwert binne tiisdei fjouwer gobelins fuorthelle. De antike muorrekleden wurde restaurearre.
It opknappen makket diel út fan in folsleine restauraasje fan it stedhûs. Dat kostet mei elkoar tsien miljoen euro. Oer oardel jier moat it klear wêze. Dan, yn 2004, is Ljouwert 500 jier de Fryske haadstêd.