Opknapbeurt Berltsumer Wiid

© Omrop Fryslân
De wâlskanten fan it Berltsumer Wiid en de Ried wurde takom jier opknapt. Wetterskip Fryslân en wetterskip De Waadkant fiere de wurksumheden út. Se dogge earst de noardkant.
De kaai en de wâl binne der min oan ta. Dat komt troch de golfslach, mar ek trochdat fee de grûn fertrapet en muskusratten deryn oan it graven binne. Yn 2004 wurdt de súdkant oanpakt.