Jubileumboek tsjerke Hallum

De Sint Martentsjerke yn Hallum hat syn eigen jubileumboek krigen. It earste eksimplaar is sneon oerlange oan deputearre Jannewietske de Vries. De hûnderten jierren âlde tsjerke is ôfrûne jier restaurearre en de tsjerkeried woe dêrom dat der omtinken komme soe foar de skiednis fan it gebou.
It boek is skreaun troch Sieds Rinks en hat de titel 'Treed niet onachtzaam hier voorbij'. De titel ferwiist nei de gevelstien boppe de yngong fan de tsjerketoer. Dêr is de tekst op te lêzen.