Swierste stoarm yn tolve jier

© Omrop Fryslân
De stoarm wie sneintemiddei op syn sterkst yn it suden, westen en midden fan it lân. It KNMI hat wynstjitten fan 130 kilometer yn de oere metten. Letter yn de middei kaam de stoarm yn Fryslân. It is de swierste stoarm yn tolve jier.
Yn Ljouwert waarden de brêgen fanwegen de hurde wyn net betsjinne. Fearboaten fan en nei Flylân, Skylge en Harns fearen net.