Mishanneling yn Harns

© Omrop Fryslân
In 48-jierrige ynwenner fan Harns en syn dochter fan 16 binne woansdeitejûn mishannele om't se harren buorfrou helpe woene. By de 22-jierrige buorfrou waarden de ruten yngoaid troch har (eks) freon.
Doe't de Harnzer yngripe woe, kamen der trije manlju dy't him sloegen mei stokken. De plysje hat seis fertochten oanhâlden, wêrûnder de haadfertochte.