Bedriuw goedkeaper ôf yn Noarden

© Omrop Fryslân
Bedriuwen festigje hat net gau yn it Noarden, wylst dat wol oantreklik is. Ut ûndersyk fan wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW hat dat bliken dien.
De personielskosten binne leger yn it Noarden en de lokaasjes binne 18 oant 34 prosint goedkeaper as yn de Rânestêd. Mei de risseltaten hopet VNO/NCW dat bedriuwen each krije foar it Noarden as festigingsgebiet.