Undernimmers moatte Aeolus rêde

© Omrop Fryslân
It buro Plattelânsprojekten Noardwest- Fryslân sil in lytse groep ûndernimmers út de regio by inoar bringe om it technysk sintrum Aeolus yn Seisbierrum te rêden. Dat waard dúdlik op in troch Plattelânsprojekten organisearre diskusjejûn yn Aeolus.
Eigner CHN yn Ljouwert wol de attraksje yn Seisbierrum wol kwyt foar sa'n 750.000 euro.