Van Nieuwenhoven wol list lûke

© Omrop Fryslân
Jeltje van Nieuwenhoven stelt har dochs beskikber as PvdA-listlûker foar de kommende lanlike ferkiezings. De Stellingwerfse is no PvdA-fraksjelieder yn 'e Twadde Keamer.
Van Nieuwenhoven makke har beslút snein bekend yn it televyzjeprogram Buitenhof. Oare kandidaat-listlûkers binne oant no ta de Twadde-Keamerleden Wouter Bos en Klaas de Vries.